Ynhâld 5 Liet fan it liet BIBELLIETEN 7 Psalmen 12 Kantiken 21 Fertellieten TIDEN FAN ’E DEI 32 Moarn 38 Itenstiid 39 Ofsluting fan de (skoal)dei 40 Jûn DE EARSTE DEI 43 Begjin 46 Drompelgebed 47 Kyrie en Gloria 49 Skuldbelidenis en genedeferkundiging 54 De tsien wurden 59 Om de Skriften hinne 62 K redo 69 Belidenis en doop 72 Ynsammeljen jeften 74 Miel fan de H ear 79 Utstjoering en seine TIDEN FAN IT JIER 82 Advintstiid 88 Krysttiid 94 Epifanytiid 10 2 Fjirtichdagetiid 108 Trije dagen fan Peaske 120 Himelfeart 125 Pinkster 128 Trinitatis 129 Risping 133 Herfoarmingsdei 136 Alderheljen 138 Foleining LIBBEN 151 Libbensreis 172 Trou 175 Leauwe 187 Libbensgrins MEI -INOAR LIBJE 192 Tsjerke 20 1 Lofprizing en oanbidding 20 5 Skepping 21 3 Gerjochtichheid 21 5 Frede REGISTERS 217 Register op begjinrigels en titels 219 Register op oarspronklike begjinrigel s en titels 221 Register op bibelplakken 223 Ferantwurding: boarnen en rjochten
5 1 Liet fan it liet 2 Is der de nacht fan ierdetsjuster swijen, is der de kjeltme dy’t myn siel oerdekt, dan sil ik dochs noch sjonge fan befrijing, in nije sang dy’t troch it tsjuster brekt. refrein 3 Der is de hoop dat minsken har fersoenje, der is de dream fan laam leit by de liuw, der is it miel fan taastbere fisjoenen, der is in liet dat alles net sa bliuwt. refrein 4 En komt de dei dat liif en siel fersinke , ien sike noch en stilte nimt my wei, dan sil in liet yn my noch altyd klinke, in liet fan langst nei tiid en ivichheid. refrein
6 5 Tank foar it lûd fan toanen en akkoarden, tank foar it liet dat mear as wurden seit, tank foar de stim dy’t dûnset oer de noaten, tank foar de sang dêr’t ús bestean yn leit. refrein tekst Michaël Steehouder – ‘Er is een woord’ (Lied van het lied – voor Henk Jongerius) meldij Chris van Bruggen oersetting David de Jong
BIBELLIETEN – Psalmen 7 2 OHear ,ús God, wat is jo namme grut 2 O Hear, ús God, Jo ha ta wêzen brocht seeën en lân yn gouden sinneljocht. Hoe kinne Jo wat yn ús minsken sjen en skink’ jo hearlikheid oan minskebern? 3 Jo binn’ ús, Hear, yn Kristus myld en goed. Jo jouwe ús ferlossing troch syn bloed. Jo roppe minsken ta jo hearlikheid: libben o m Jezus’ wil yn ivichheid! 4 Dêrom fynt, Hear, ús lofliet noait in ein; it sjongt yn ús mei freugde syn refrein, loovjend jo leafde, wjerlûd op jo Wurd: o Hear, ús God, wat is jo namme grut! tekst Jan Visser , by Psalm 8 – ‘Heer, onze God, hoe heerlijk is uw naam’ oersetting Atze Bosch meldij Frederick Cook Atkinson – M ORECOMBE © Ars Nova /Kracht van Omhoog/Continental Sound
8 BIBELLIETEN – Psalmen 3 Sa’nien 2 In mins dy’t docht wat er belooft, al is it ta syn eigen skea, dy’t net ta neidiel fan syn neiste himsels ferriket, net korrupt is,
BIBELLIETEN – Psalmen 9 dy’t noait ûnskuldigen tenei komt . Sa’nien hâldt stân foargoed. tekst René van Loenen, by Psalm 15 – ‘Wi e mag, o God, bewonen ’ oersetting David de Jong meldij Roeland Smith 4 Ik fal net út syn hân 2 De minsken rinne wei mei har idoalen en lizze krûm foar goaden út har dreamen. It is my neat, ik wol har nammen net iens neame.
10 BIBELLIETEN – Psalmen 4 De hiele nacht lis ik oan God te tinken. Ik fiel dat Hy der is. Syn wiisheid jout my rêst. Dan wurd ik bliid en sjoch myn rêding foar my. Ik libje mei myn God. Ik fal net út syn hân. 5 Jo bringe my net ûnder by de deaden. Ik bin net samar wei. It grêf is net myn ein. Jo lizze my it paad út nei it libben: tekst Menno van der Beek, by Psalm 16 – ‘Mijn God, ik kom naar u . Dan ben ik veilig’ oersetting David de Jong meldij Sergej Visser 5 Jo rêst n mn wrâld
BIBELLIETEN – Psalmen 11 2 Ik fyn oan jo tafel in plak mei myn namme en sjoch foar it finster oergeunstige minsken. Jo skinke my yn, en Jo jou ’my te iten. Ik krij folle mear as ea hope of tocht. Ik wit fan jo goedens, op Jo kin ik bouwe. Ik fiel alle leafde dy ’t Jo oan my jouwe. Ik wit fan in plak mei jo rêst yn myn wrâld, want ik wit wêr ’t jo hûs stiet. Ik kom wol teplak. tekst Menno van der Beek, by Psalm 23 – ‘De Heer is mijn herder, en ik zal zijn schaap zijn’ oersetting Rien van den Berg meldij Sergej Visse r
12 BIBELLIETEN – Kantiken 6 In spyltúch bin ik 2 Ik spylje alle finz’nen foar it âlde frijhei dsliet. Ik spylje foar de tichthûsdoar salang’t dy iepen giet. Ik sjong foar elke earme siel dy’t yn it leed ferslacht fan d ’alderearste sinnestriel en ’t wiken fan de nacht. 3 Ik sjong, ik sjong foar rap en rút yn dizze goud’ne moarn: o minsken, strûp jim fodden út en lûk de feestklean oan. Ik sjong it wurd oer berch en dún fan libben en behâld – en moarn, dan romje wy it pún en bouwe ͜in nije wrâld. tekst Fedde Schurer, by Jesaja 61:1 -4 meldij Louise Godin
BIBELLIETEN – Kantiken 13 7 Om’t God yn goedens mei ús wol 2 Noait hat God fan syn wurd berou. Nij is syn leafde alweroan, lykas de sinne yn ’e moarn. Hoe hearlik is jo trou. refrein 3 No sjong ik: H ear ,Jobinn’foarmy al wat ik haw, myn hoop, myn lean. En op it paad d at ik no gean wit ik Jo tichteby. refrein tekst Anka Brands (1918 -1978), by Kleilieten 3:22 -26 – ‘Het is God s goedheid en geduld’ oersetting David de Jong meldij Luit Doornbos
14 BIBELLIETEN – Kantiken 8 De psalm fan Habakuk 2 Jo majesteit rint ierde ͜en himel oer, jo grime woedet op jo dei tsjin ’t goddeleas en ûntrou skaai; jo oardiel makket hiel de wrâld oerstjoer. Jo pONHn sill’ har reitsje dy’t om ús ûnheil laitsje, dy’t ús nei ’t libben stean. O Hear, nim op dy de i benearing fan ús wei, lit ús yn frede gean.
BIBELLIETEN – Kantiken 15 3 Al is it dat de figebeam net bloeit de druvebeam gjin fruchten jout, gjin grien ûntsprút oan ’t wurge hout, sels foar ’t ferroppe fee gjin iten groeit, lykwols jou ik Him eare, myn Helper en myn Heare, de krêft fan myn bestean. Hy dy’t ferlost en rêdt, lit my mei lichte trêd oer feil’ge hichten gean. tekst Atze Bosch, by Habakuk 3 meldij Genève 1551 – Psalm 40 9 Al soe de figebeam net bloeie